Full text: Swanneblommen : jierboekje / utjown f... . 1878 (1878)

37 
faldige keamer ljocht en luster to jaen, skjint alles 
foar sin kommen himmele en opknappe wier. Hy 
wier as in sinne, hwer al it lok fen de alden om 
hinne draeide. Wol mong him in bitsje soarch in 
dy wille en fielden master en sin wiif eat ten in 
kwea gewisse, do hja der op sinne masten om Watse 
fen Sitske óf to halden, likwol hja hopen en tochten 
hwet hja graech woene en er wier wol kans, dat 
Watse, nou er sa 'n hear wirden wier, net mearom 
Sitske tinke scoe. 
Likwols mei it leste wieme hja glêd mis. Sitske 
hjar weargea hie Watse net sjoen. Ho moai oare 
froulju ek oanklaeid wieren, ho fin ek fen menearen, 
ho glêd ek fen tonge. net ien koe by de moaye 
sêftsedige Sitske helje, en hjar bïld bleau by al dat 
glinsterjen fen wraldske heechheid, dy om him wier, 
in sin hert efter, sa 't er gjin plak for in oar iepen 
bleau. 
Mei tal fen forwachtingen en langstmen kaem 
Watse in sin ald ljeaf doarp oan. Allegearre, dy mar 
eat mei master en him bisibbe wierne, kamen om 
him to sjean en ta to sprekkeu en alles wier sa as 
hy it tocht hie. It ienicliste hwet Watse binyde wier, 
dat nimmeu fen Rein en hjar kaem; hja wierne oars 
altiid fen de earsten, om 't sin heit en Rein altiid 
wakker great wierne. Likwol hy halde him earst stil
	        
Waiting...

Note to user

Dear user,

In response to current developments in the web technology used by the Goobi viewer, the software no longer supports your browser.

Please use one of the following browsers to display this page correctly.

Thank you.