10
Wiles helle er in pong mei ríksdaelders útit kaminet
en kaem der mei by Beitske.
— „Nou," sei er „hofolle jild hest nou to barren?
Fiertich goune scoest fortsienje, en hofolle wiken benne
wy nei maye ?
— „Krekt sauntsien wike, en der seis wike by.".....
— „Seis wike! hwet wo'st der mei ?"
— „Jy matte my fen seis seis wike jaen."
— „Ik dy seis wike jaen ?! — Op din kop! — Dat
krigest dou fen my net. — Aste by de tiid 6f din jild
ha woste, den kenste 't krye — en oars kryst gjin cent."
— „Ik mat seis wike boppe dien ha, en oars wolik
neat ha. Den seil ik ris sjen as er ek riueht is."
— „Wel dou skítfenín aste biste! Hwet praetst dou
hier fen riueht! Ik skit hwet in din riueht! Doch din
best! ik seil er op wachtsje. Mar nou mast ek mar ris
hwet heel fluch meitste datste er op öf komste; ik wol
sa'n sleep net mear onder de eagen ha."
Hy brocht sin ríksdaelders wer in 't kaminet, en Beits-
ke makke tarissing om foart to gean. Hia pakte hwet
klean m in döek, dy se meinimme woe, en hiar oare
spülen gingen in de kiste gear. Der waerd ik ek by
smiten, do ging it lid op 'tslot, en Beitske ging de
doar üt: it bigoun do ek al sahwet dei to wirden.
Do de faem foart wier rekken Lomme en Taepke yet
ris onklear, hwent hia woe de faem net foart hawn ha.
„En 'tis ek to gek," sei se, „datst hiar gjin jild jown
heste; nou krye wy de fieldwachter hier ek yet mei in
hele bulte sok, en den tilt de hele boerren der fen op.
Seis wike matte wy doch jaen, dat scitte wis wirde."