Full text: De Bye-koer : Frysk jierboekje foar ... ... . 1882 (1882)

5 
hirder oanstappe. — Sa mimere Age by him sels, en 
wiles kaem er de bocht om, dy dêr yn 'edyk wier. 
„Der ha wy 't al ! De efterdoar by baes Melle stiet 
iepen en hja stiet dêr to breidsjen." 
Yette haestiger loek Age oan 'e efterste skonk, by de 
hagedoarnen hage lans, dy dêr twisken Oene Sijes appel- 
hôf en de dyk stie. Do yet in lyts eintsje stienpaed 
lâns, dat fen 't modderdykjen nei bûrren roan, — it 
skipbûs foarby, — en hy wier op baes Melle hiem. 
„Joun Hiske !  Ho giet it ?  Goed ?" 
„Best !" seit Hiske en glimket. By h jar bigoun ek 
in fûgeltsje to sjongen. 
„Ik tochte," sei Age, „niis do 'k dêr by dat boskje 
beammen wier, ik doar wedsje dat Hiske by de efterdoar 
stiet. En sjuch ! it komt wrachtich sa út. Dat 's 
freamd net?" 
„Is dat sa freamd ?" sei hja laeitsende. „Dêr kin ik 
gjin freamdens yn sjen." 
„Ja, nou ; dou hiest dóch net tocht dat ik tinke scoe, 
datst dou by de efterdoar stean scoeste." 
„Nou. lit ús mar yn 'e hûs gean ; dêr ha wy 't rom 
om 'e hird. Heit is de bûrren yn, lyk as alle snjeunto- 
jounen, en mem is ek efkes op 'e flitter, om ik wit net 
hwet boadskip." 
„Dat treft wol aerdich," sei Age, wyls 't se yn 'e hûs 
gyngen; „den kinne wy gau efkes in wird prate. — 
Do wy de leste kear by elkoar wei gyngen ha 'k dy 
ommers sein, dat ik ris -oer hwet bysonders mei dy prate 
woe.  Dat witst yette wol, net ?"
	        
Waiting...

Note to user

Dear user,

In response to current developments in the web technology used by the Goobi viewer, the software no longer supports your browser.

Please use one of the following browsers to display this page correctly.

Thank you.