FEN AGE EN HISKE
It wier yn 'esimmer; de ongetiid wier birêdden. It
wier in sierlike moaije joun. Net to koel, men fielden
gjin sigentsje, en dóch wier 'tsa rjucht nochlik om yen
hinne. Age Westerga roan de pündyk lans. As men
him goed oan seagen scoene men net sizze, dat er de
hele dei oan 'tskreppen wést hie, sa tofreden seach er
der üt, en sa sniedich stapte er de wei lens. — Ja mins-
ken! mar hy hie 't doch dy deis waerm hawn, tige
waerm; net allinne fen buten, né, fen binnen ek. Dêr
hie 'thim tikke en kloppe krekt as 'turwirk yn 'e toer.
Ja, 't wier krekt oft dêr in fügeltsje allerhanne deuntsjes
song; sa freamd en sa aerdich wier 't him. Dat hied
er noait earder sa hawn. Ja, 't hie dy deis waerm west,
mar 'thie him doch net fel hindere.
Hy bigoun al hwet hirder oan to loeken. Yet in
eintsje, dêr draeit er by dat boskje beammen de mod-
derdyk op. '
„Hwet is der joun doch in bytsje folk op in baen,'' tocht er
by him seis. „Dat is men snjeuntojouns hast sa net wend."