4
Dat koe him nou eigentlyk ek neat skele. Ey koe't
paed allinne wol fine. Mar ien wier der doch, dy 't er
om in moai ding dêr op dat ienlike dykjen wol ris to-
mjitte komme wold hie; ien dêr 'ter wol meigeanwoe,
hwa wit ho fier in ein, ja de héle libbenswei wol lans.
En as der den oan 'e oare igge yette mear romte wêze
mochte, den yette wol fierder.
Ja, hy koe allinne de wei tige best fine; mar mei
Hiske Melles, baes timmerman syn dochter, — och, myn
Ijeave minsken! den scoe 't doch folie better gean, tocht
him: As er tocht om hjar heldere eagen, hjar frjeunlik
wezen en kreaze lea, och hea noch ta! den waerd it
him sa binypt om 't hert. Den bigoun dat fügeltsje
dêr fen binnen to slaen en to butsen, sa lang en sa hird,
dat er him gjin rie mear wist. Baes Melle Hiske! nou !
nou ! „Dêr jinsen as 'k dy bocht om bin, den kin 'k
hjar hüri rsjen,'' tocht Age by him seis, en hy stapte al
wer hwet hirder.
Mogelik stiet se wol yn 'e efterdoar; hwent hja wit
wol dat er joun komme scil, en hja scil ek wol tinke
dat er 't modderdykjen lans komt, hwent it is skiën to
gean en den is dat in ein neijer as de hele pündyk om.
Hy het hjar ek witte litten dat er joun hwet bysonders
mei hjar biprate woe; dêr scil se wol tige nysgjirrich
ta wêze. As se dêr nou by de doar stiet, ho scil er den
bigjinne? Nou, dat's fen seis: „Joun Hiske! Hwet
het dat hjüd waerm wést, net?" — Mar né, dat is
gjin goed bigjin. Ei nou, dat scil fen seis wol los rinne;
hy het wol earder mei hjar praten. Kom. yet mar hwet