6
„Nou, 't het der wol oan," sei hja, en glimke wer.
„Dat seil wol wonder hwet wêze," tink ik."
Hy sei : „Dat is krekt sa men 't nimme wol. It is
oars neat as dit : ik ha myn sin op dy set, en nou scoe
'kwol ris witte wolle, host dou der oer tinkste : scoe 't
njunkelytsen ek trouwen wirde kinne mei ús togearre ?"
„Pij, fij !" sei se, „sok raer mei de doar yn 't hus
fallen. Der wird ik kjel fen."
„Is dat sa slim?'' sei Age. »Der leau 'k eigentlyk
neat fen. Siz mar ris host der oer tinkste."
„Och heden ! moat 'k dat sa mar yn ienen sizze ?
Nou, dat kin 'k lang net dwaen. Dêr moat 'k in heel
skoft tiid fen birie ta ha." sei 't fanke heel dimmen.
Hy wer : „Kom, kom, hwêr scoe dat goed for wêze ?
Wy habbe fen bern ou elkoar kend en faek en folie
mei enoar boarte, en togearre nei skoalle roan en nei 't
fragelearen. Do wieren wy op 't lest ek gjin bern mear,
en dou kinst net ontkenne datst altyd wol graech mei
my gean woeste, allike graech as ik mei dy. Dêrom
doar ik wol sizze, as ien by dy de âldste brieven het,
den bin ik it. En nou scoest it ek yet in skoft op dyn
birie ha moatte ? Dat mienst ommers net, Hiske."
Dat hied er goed redt, hja miende 'tsa net. Mem
bleau yet al efkes wei, en do 't Age yet hwet praette
bikende Hiske 'thim ek: it wier hjar hertewinsk, dat it
njunkelytsen trouwen wirde scoe mei hjar togearre.
Do kaem der in ameryke stilte en yn dat ameryke
sieten se net by elkoar as waechsen bielden. Do't Age
wer bigoun to praten, sei er: „Nou binne wy it den