7
safier mei enoar iens. Mar dér is 't net goed mei. Dyn
álden moatte 't ek witte. Dy scille der déch neat op
tsjin ha, scoe 'k tinke."
„Ei né," sei hja, „hwet scoene dy der op tsjin ha?
Hja hálde heel wol fen dy, dat wit ik. Hja habbe dy
ommers lang en6ch kend.''
„Dat is allegearre wier," sei Age. „Ik tink der ek
net oer, dat hja der hwet op tsjin ha scille. Mar hja
hearre 't d6ch to witten. Ik scoe der seis wol mei jimme
heit oer prate wolle. Honear scoe 'k dat bést dwaen
kinne ? Hwet tinkt dy, as 'k moarnier út de tsjerke wei
kaem to koffidrinken ?"
„Ne," sei hja, „dat is de rjuchte tiid net. Denkomt
der oars ek wol gau ris ien, en den komme de timmer-
feinten njunkelytsen ek om hjar wykjild.. Mar kom
moarnneimiddei to thédrinken, dat is better. Nei iten
het heit altyd in sliepke, en as er dér net yn forsteurd
wirdt, den stiet de mütse him op 'e neidei trochgeans
tige bést."
„Nou, dat is my ek goed, den hllde wy dat for oupraet."
Dat hiene se krekt bikeuvele, do kaem mem wer yn.
Do siet Age to smoken krekt oft der neat bard wier en
Hiske mei alie iver to breidsjen. En . do waerd der
hwet praten oer onforskillige dingen.
Snjeuntojouns wier baes Melle syn leste boadskip yn
'e herberge. Hy bleau dér just net oerstallige lang en
hy kaem dér ek net forkeard wei, dat nou net. Mal-
as er dér fen thús kaem, den makke er net folie praet-
sjes, den woed er út 'e wei.